De Fryske Marren te let mei beswieren tsjin gaswinning

18 des 2019 - 11:21

De gemeente De Fryske Marren hat te let beswier makke tsjin in trijetal fergunningen foar it opspoaren fan foarrieden ierdgas. Dat docht woansdei bliken by trije útspraken fan de Raad van State.

Foto: ANP

De Raad ferklearre de beswieren en beroppen fan boargemaster en wethâlders fan De Fryske Marren net-ûntfanklik. De Raad is it iens mei it ministearje fan Ekonomyske Saken en Klimaat, dat de gemeente genôch tiid krigen hat om beswier te meitsjen.

De fergunningen binne yn septimber 2017 troch de minister útjûn oan enerzjywinbedriuw Vermilion. De publikaasjes dêrfan wiene binnen de wetlike termyn yn de Staatscourant publisearre. Dat yn de advertinsjes net hiel dúdlik stie dat it hjir om grûn yn De Fryske Marren gie, is gjin reden om de lette beswieren dochs noch te behanneljen.

Mei de fergunningen, dy't no net mear weromdraaid wurde kinne, kin Vermilion noch trije oant fiif jier langer nei ierdgas sykje as dat yn eardere fergunningen stie.

(advertinsje)
(advertinsje)