Hûnebrokkeprodusint Teeling Petfood fallyt

18 des 2019 - 10:27

De rjochtbank hat woansdei it fallisemint fan Teeling Petfood yn Feanwâlden útsprutsen. Teeling hat njonken it fabryk yn Fryslâne ek bedriuwen yn Opmeer, Hoogeveen en Heerhugowaard.

Foto: Omrop Fryslân

It opfallende bedriuw makket ûnder oare hûne- en kattebrokken. Inkele tsientallen minsken hawwe har wurk by de produsint.

It is net dúdlik wat no mei harren barre sil, sa krekt foar de krystdagen. De kurator is op dit stuit mei de saak dwaande.

(advertinsje)
(advertinsje)