GGZ Fryslân wol stigma op psygoaze weinimme mei ynrinjûn yn Ljouwert

18 des 2019 - 10:22

Op in psygoaze wurdt yn de maatskippij in stigma plakt dat net terjochte is, sa waard tiisdei sein by in spesjale ynrinjûn fan GGZ Fryslân yn Ljouwert. Underfiningssaakkundigen, partners fan pasjinten en professionals praten dêr oer it libjen mei in psygoaze, en hoe't dy werkend wurde kin.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

De jûn waard organisearre troch it VIP-team (Vroegtijdige Interventie Psychose) fan GGZ Fryslân. Dit team is opset foar jongeren dy't foar it earst in psygoaze ha of hân hawwe. In psygoaze is net allinne in grut probleem foar de pasjint, mar faak ek foar de omjouwing. It werkennen fan in psygoaze is al dreech, der mei omgean noch swierder, sa die bliken op de jûn.

It doel is dan ek dat minsken harren ferhalen diele kinne en dat se witte dat der perspektyf op better is. "It is foaral belangryk dat minsken witte dat it bêst in soad foarkomt en dat de prognoaze ek bêst hiel geunstich is", seit Nynke Boonstra fan it VIP-team fan GGZ Fryslân.

Wat is in psygoaze?

Neffens GGZ Fryslân is der noch in soad ûndúdlikheid oer wat in psygoaze is en wat it betsjut foar pasjinten, famylje, freonen en kunden. "In psygoaze is eins dat immen it kontakt mei de realiteit kwytrekket", leit Boonstra út. "Dat kin op alderhanne ferskillende manieren wêze en yn ferskillende gradaasjes."

Der hinget in hiel grut stigma om psygoazen hinne, seit Boonstra. "De maatskippij hat in soad foaroardielen en dat sit eins oeral yn. Immen dy't in psygoaze meimakke hat mei in heal jier net autoride, wylst it neat oer syn rydkwaliteiten seit. Dat is hoe't ús wetjouwing yn elkoar sit. Dat is eins in stigma, diskriminaasje."

Ferslachjouwer Willem de Vries wie by de ynrinjûn oer psygoazen

(advertinsje)
(advertinsje)