Yn 2020 rommer fiskkwotum foar tong en skol

18 des 2019 - 10:01

Der is in Europeesk akkoart berikt oer it fiskerijkwotum foar 2020. Benammen tong en skol, wichtige kommersjele soarten foar de Nederlânske fiskers, hawwe in geunstige ûntwikkeling trochmakke. It kwotum foar kabbeljau is bot omleech helle.

Foto: Omrop Fryslân

It kwotum foar skol is mei 17 prosint omheech gien, wylst dat foar tong mei sels 40 prosint groeid is. Dêr tsjinoer is it fangstkwotum foar kabbeljau mei 50 prosint nei ûnderen brocht.

"Voor de Nederlandse vloot zijn wij zeer tevreden met het vastgestelde resultaat binnen de mogelijkheden die er zijn", seit Johan Nooitgedagt, foarsitter fan de Nederlandse Vissersbond. Neffens Nooitgedacht is de eksplosive groei fan de tong en skol in wichtich triuwke yn de rêch foar de Noardseefiskers, dy't it yn dizze perioade dreech hawwe. Bygelyks it totaalferbod op de pulsfiskerij, in taname fan wynmûneparken op de Noardsee en de Brexit sit de fiskers negatyf yn it farwetter.

Trefwurden: 
fiskers fiskerij
(advertinsje)
(advertinsje)