Kollum: "Net klear"

18 des 2019 - 09:02

"Dit is myn lêste ferhaaltsje fan't jier. Earste Krystdei útsliepe. Nijjiersdei mei 'k wer. No hâld ik absolút net fan lêste-fan-it-jier-dit en it-earste-fan-it-jier-dat. En dat kin ek net, der moat noch fan alles barre. Wylst moarn de krystbuorrel fan de Omrop al is, kin ik net iens hiel 2019 jier oereidzje, dêr bin ik noch net klear mei.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Eelke Lok

De polityk seker net. Der binne safolle skansearre dossiers, dat de krystdagen bestege wurde moatte om alle laadsjes nochris troch te sykjen as der noch earne wat leit. Dan sille se beslute nije ferkiezings te hâlden. Dy't foar it oare ek gjin sin hawwe, om't dit folk yn fiif minuten samar fan de SP oerstapt nei Forum. Yn de koken fan de politisy stiet yntusken de stikstofpanne oer te sieden.

Se ha 't no leau 'k safier krigen dat de boeren de krystdagen yn it bûthús inkeld wat noartsk foar har út stoarje. En no wat dom omride. As ik dy boeren wie, gie ik no mei dy 2000 trekkers nei de CO2-fleanbasis Ljouwert en besette dêr de hiele boel wiken en wiken lang. Dat soe pas in died wêze. Wy rinne yntusken wol rêstich nei de winkel en keapje goedkeape molke.

Yn de krystdagen sizze alle wethâlders earlik tsjin harren relaasje dat se der wierskynlik nei de krysttiid útkwakt wurde. De opposysje ropt lûd dat se wat ferkeard dien ha. Media litte skreauwers inkeld oan it wurd. Bestjoerders meie inkeld antwurdzje op de fraach wannear't se opstappe sille, krekt as wiene se fuotbaltrainer.

Al dy wethâlders ha begruttingen mei ferlies ynlevere. Dat komt, sizze se, fan de jeugdsoarchkosten. Elkenien ropt no dat net ien dy kosten yn de hân hâlde kin, mar as jildjouwer moatte je dat gewoan goed regelje. Boppedat kin ik yn elke gemeente wol oare posten fine wêrby't se oer de skreef geane. Se kinne boppedat de wurden erfskip fan kulturele haadstêd net mear. Dan grypt deputearre Sander de Rouwe yn. Hy krijt elke gemeente ûnder syn finansjeel bewâld. Dan kinne je as wethâlder mar better ûnder de beam sitten bliuwe.

Sander moat fan 'e middei ek noch jild kwyt oan de Fryske Akademy. As it belied dêr net feroaret, binne dat weismiten miljoenen. Dêr hie Pieter de Groot it sneon yn de Ljouwerter ek al oer. Doe't ik noch net mei pensjoen wie, ha 'k foar de Omrop ris in dokumintêre oer de Akademy makke. Doe bin ik echt skrokken fan it waas fan arro-en-bemoei-jim-net-mei-ús, dat dêr omhinne leit.

As dat sa bleaun is, en wêrom soene je Pieter net leauwe, dan kinne de miljoenen better oars bestege wurde. Miskien wit ynterim-direkteur Willem Smink fan de Akademy wol wat. Want hy sil, wylst hy de finansjele sitewaasje fan de Akademy net ferbettere hat, nei de Noardlike Rekkenkeamer.

Dy Fryske Akademy stiet yn Ljouwert. Dat skreau in brief nei de provinsje. Net oer de Akademy, dat kin harren neat skele. Nee, in seurbrief, sa't Ljouwert dy al iuwen skriuwt: Ljouwert fielt himsels tekoart dien troch de provinsje. Miskend. "Wy binne dochs de grutste kearn, de motor fan de ekonomy en alle provinsjale foarsjenningen meie hjir sitte. Alle boeren komme hjir te protestearjen. En jim wolle de Lelylijn net iens lâns Ljouwert oanlizze litte."

No soe 'k in hiel ferhaal begjinne kinne. Fan dat oer Ljouwert nei Grins foar de measte minsken "om" is. Dat Ljouwert yn 1973 net tagrypte en de A7 fan de Ofslútdyk nei Grins oer Drachten oanlizze liet, sûnder te bewegen. Dat se al dy jierren inkeld mar seurd ha, as wienen se in soarte fan Dokkum. Dat se hast fallyt wiene doe't se safolle betellen om Aegon te hâlden; is dat der noch wol? Dat se jierrenlang dy wichtige posysje dy't se sels sizze te hawwen, net bewize koenen, ek al krije se no in Stadionplein.

Mar dat sis ik allegear net. Want yn dyselde brief seit Ljouwert, dat tsjintwurdich ek lytse doarpen hoedet, dat de provinsje no echt wat dwaan moat oan it feangreidegebiet. Foar it earst seit Ljouwert wat oer de rest fan Fryslân. Dat dêr ek fan alles ferkeard giet. De provinsje docht it foar Ljouwert allegear te stadich. Nimt gjin echte beslissings. Krekt sa't Ljouwert it eartiids allegear sels die, wêrtroch't se no miskend wurde. Soms wurkje spegels. Dan is Ljouwert samar ús echte haadstêd."

Trefwurden: 
De Toan fan Kollum Eelke Lok
(advertinsje)
(advertinsje)