CBS: Ek yn Fryslân delgong yn it tal winkels

Ek yn Fryslân is it tal winkels de ôfrûne tsien jier nei ûnderen gien. Dat docht bliken út sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek. Yn 2019 wiene der neffens it buro yn Fryslân 6,8 winkels de 1.000 ynwenners, dit jier leit dat tal op 5,4 winkels.
© Vereniging Promotie Zaailand
It binne benammen de spesjalisearre itenswinkels as de grienteboer en de slachter dêr't in delgong te sjen is. Fan bygelyks webwinkels en tankstasjons binne der krekt mear kaam yn Fryslân.
Yn Zeeuws-Vlaanderen yn de provinsje Seelân binne der de 1.000 ynwenners de measte winkels te finen, yn Flevolân is dat tal it lytst.