Liveblog | 18 desimber 2019

LIVEBLOG: Boeren fiere aksje yn Fryslân

Boeren út ferskate plakken yn Fryslân fiere dizze woansdei aksje.
Lêst bywurke: 18 desimber 2019, 20:38
20:36

Drokte foarby

Der is gjin drokte mear op de Fryske diken. Allinnich op de A7 by Grins rjochting Fryslân rydt it noch stadich. Mar ek dêr rint de fertraging werom. Dêrom slute we no dit liveblog oer de boereprotesten fan 18 desimber ôf. Tank foar it folgjen.
18:40

En de kroech yn

Dizze boer einiget hjoed yn de kroech yn Sint-Nyk.
© Omrop Fryslân, Willem de Vries
18:29

Rêstich op Ofslútdyk

De oprop om de Ofslútdyk te blokkearjen, is op neat útrûn. Der wie wol in grutte groep trekkers ûnderweis, mar de measten sloegen dêrfoar alwer ôf.
18:27

Noch file op N31

De drokte op de dyk by It Hearrenfean liket hast foarby. Op de N31 tusken Ljouwert en Drachten is noch wol in lang stik stadich ridend ferkear. Op it stuit rydt it stadich tusken Ljouwert en Garyp.
17:52

Nynke Koopmans en Trienke Elshof

Boerinnen Nynke Koopmans (Partij voor de Boeren) en Trienke Elshof (lânbou-organisaasje LTO) sieten woansdei by Omrop Fryslân oan tafel om te praten oer de boere-protesten:
Blok boeren
17:41

Drok by Ljouwert

It is drok op de N31 by Ljouwert yn de rjochting fan Drachten. Tusken Ljouwert-Noard en de oansluting mei de A32 hat it ferkear 29 minuten fertraging oer fiif kilometer.
By It Hearrenfean is it ek drok op de diken. Benammen ferkear yn de rjochting fan De Jouwer hat fertraging.