LIVEBLOG: Boeren fiere aksje yn Fryslân

18 des 2019 - 16:11

Boeren út ferskate plakken yn Fryslân fierden dizze woansdei aksje. Se binne it net iens mei it akkoart dat tiisdeitejûn berikt is oer de stikstofmaatregels. Folgje alle ûntwikkelingen yn dit liveblog.

  • Op it Saailân yn Ljouwert stiene sa'n 100 trekkers
  • De Tesselschadestrjitte wie oan beide kanten beset
  • Op ferskate grutte diken wiene de hiele dei flinke files
  • Boeren ha ek by it gebou fan de NDC Mediagroep yn Ljouwert west, dêr sitte ûnder oare de Leeuwarder Courant en it Friesch Dagblad
  • Der wie in oprop om de Ofslútdyk te blokkearjen, mar dat rûn op neat út
20:36
Drokte foarby

Der is gjin drokte mear op de Fryske diken. Allinnich op de A7 by Grins rjochting Fryslân rydt it noch stadich. Mar ek dêr rint de fertraging werom. Dêrom slute we no dit liveblog oer de boereprotesten fan 18 desimber ôf. Tank foar it folgjen.

18:40
En de kroech yn

Dizze boer einiget hjoed yn de kroech yn Sint-Nyk.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries
18:29
Rêstich op Ofslútdyk

De oprop om de Ofslútdyk te blokkearjen, is op neat útrûn. Der wie wol in grutte groep trekkers ûnderweis, mar de measten sloegen dêrfoar alwer ôf.

18:27
Noch file op N31

De drokte op de dyk by It Hearrenfean liket hast foarby. Op de N31 tusken Ljouwert en Drachten is noch wol in lang stik stadich ridend ferkear. Op it stuit rydt it stadich tusken Ljouwert en Garyp.

17:52
Nynke Koopmans en Trienke Elshof

Boerinnen Nynke Koopmans (Partij voor de Boeren) en Trienke Elshof (lânbou-organisaasje LTO) sieten woansdei by Omrop Fryslân oan tafel om te praten oer de boere-protesten:

17:41
Drok by Ljouwert

It is drok op de N31 by Ljouwert yn de rjochting fan Drachten. Tusken Ljouwert-Noard en de oansluting mei de A32 hat it ferkear 29 minuten fertraging oer fiif kilometer.

By It Hearrenfean is it ek drok op de diken. Benammen ferkear yn de rjochting fan De Jouwer hat fertraging.

17:20
Situaasje op de dyk

  • A7: It Hearrenfean nei Den Oever (tusken ôfrit-Surch en Breezanddijk): 4 kilometer file, wol mar 3 minuten fertraging
  • A32: Meppel nei Ljouwert (tusken Wolvegea en It Hearrenfean): 13 minuten oer 5 kilometer stadichridend
  • A32: Ljouwert nei It Hearrefean (tusken Akkrum en knooppunt-It Hearrenfean): 12 minuten fertraging oer 8 kilometer stadichridend
17:11
Supermerken befoarriede

Nettsjinsteande 'wylde' protestaksjes fan boeren by distribúsjesintra fan supermerken, ha supermerken as Jumbo en Albert Heijn gjin lêst by it befoarriedzjen fan de winkels. Dat melde de winkels sels.

Boere-aksjegroep Farmers Defence Force hie boeren oproppen om gjin aksje te fieren by distribúsjesintra en supermerken. De rjochter besleat dat de boeren it befoarriedzjen fan supermerken net platlizze mochten.

16:54
Situaasje op de dyk

  • A31 tusken Ljouwert en de Ofslútdyk: 6 kilometer stadichridend ferkear. Efter de trekkers dy't ûnderweis binne nei de Ofslutdyk.
  • A32 tusken Ljouwert en It Hearrefean: 6 kilometer, 24 minuten fertraging, ek troch demonstraasje fan de boeren
  • A32 tusken It Hearrefean en Meppel: 5 kilometer, 9 minuten fertraging, ek troch demonstraasje fan de boeren

De drokte op de diken wurdt wol minder.

Trefwurden: 
aksje stikstof boereprotest
(advertinsje)
(advertinsje)