Stienmurdproef by Aldeboarn suksesfol: mear pykjes oerlibje

In proef mei it fangen en deadzjen fan stienmurden by Aldeboarn hat suksesfol west. Der binne yn de omkriten fan it doarp de ôfrûne maitiid fyftjin mantsjes en fjouwer froutsjes fongen. Dêrtroch koene de rôfbisten minder greidefûgelnêsten leechhelje.
Stienmurd © Wikimedia Commons
Der binne yn it gebiet dan ek mear skrieze- en ljippepykjes út it aai kaam. Yn ferliking mei de twa jier dêrfoar kamen der mear nêsten út: 74 persint tsjin 39 persint yn 2017. Neffens deputearre Johannes Kramer draacht it by oan de beskerming fan de greidefûgels.

Proef útwreide

De provinsje is fanwegen dit sukses fan doel de proef yn 2020 út te wreidzjen nei noch sân oare lokaasjes. Dêrnjonken stelt de provinsje noch fyftich wyldkamera's beskikber om greidefûgelnêsten yn de gaten te hâlden.
Deputearre Johannes Kramer oer de stienmurd