Boeren fiere aksje: mei trekkers ûnderweis nei Ljouwert

De earste trekkers sammelen har woansdeitemoarn om 6 oere by E10 by Ryptsjerk. Doel is dat boeren út ferskate plakken yn Fryslân nei tal fan oerheidsynstânsjes yn Ljouwert, lykas Rykswettersteat en it CJIB, ride sille. Ek al is tiisdeitejûn in akkoart berikt oer stikstofmaatregels, de boeren binne it der net mei iens.
© Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
"Se seinen: smar mar bôle foar de hiele dei, want bist foar iten net thús", sei ien fan de boeren by E10. Neffens in oare boer kin it sels noch wol langer duorje. "We geane troch oant krystjûn as we ús gelyk net krije. We moatte in statement meitsje. It akkoart hat de LTO dertrochhinne drukt, de boeren ha gjin hanteken set."
Lanlik komme de boeren ek yn aksje. "Yn Den Haag wie dêr justerjûn al in foarpriuwke fan te sjen. Jim kinne jim mar klear meitsje."
Oare sammelplakken soenen Thialf, Burgum, Jobbegea, Hitsum, Boalsert en Stiens wêze.