Swimalvestêdetochten hoopje net op problemen troch plysjekrapte

18 des 2019 - 06:00

Maarten van der Weijden sjocht op dit stuit noch gjin problemen wat syn organisaasje fan de Swimalvestêdetocht mei bekende Nederlanners oanbelanget. Boargemaster Buma fan Ljouwert sei tiisdei dat de gemeente noch gjin oanfraach krigen hat, net fan de Maarten van der Weijden Foundation en ek noch net fan de organisaasje fan de tocht fan Stefan van der Pal. It die tiisdei bliken dat in tal eveneminten net trochgean kinne fanwegen te min plysje.

Maarten van der Weijden nei syn Swimalvestêdetocht - Foto: ANP

"We hebben de aanvraag begin december gedaan, maar ik kan me heel goed voorstellen dat de burgemeester daarvan nog niet op de hoogte is," seit Van der Weijden. En Marianne Faber, de frou fan Stefan van der Pal: "Yn jannewaris wurdt de fergunning foar ús tocht oanfrege."

Feiligens

Eveneminten hawwe tsjintwurdich ek in soad ferantwurdlikens wat de feiligens oanbelanget, dêrom sjocht Van der Weijden net daalks op dit mêd problemen. "Mensen zagen mij zwemmen, maar zagen niet dat de organisatie constant om het evenement heen zich bezig moest houden met veiligheids- en verkeersplannen. Daar zijn wij dus als organisatie ook verantwoordelijk voor en kunnen we in ieder geval op dat vlak de politie ontlasten."

Plysje ûntlêste

De frou van Stefan van der Pal sjocht ek noch oare mooglikheden om de plysje te ûntlêsten: "Yn de begrutting hawwe wy in ekstra post foar feiligens opnommen. Fandêrút binne wy oan it sjen hoe't we it fierder ynfolje sille. Wy binne wat de organisaasje oanbelanget oan it sjen nei de start- en finish-lokaasje, wat binne dêr goeie plakken foar, wêr hawwe we de measte romte, wer hoege de minste diken ôfsletten te wurden en wêr hat de stêd der it minste lêst fan?" Sa wolle beide partijen harren foar de folle hûndert persint ynsette om de plysje te ûntlêsten.

It binne meastentiids kommersjele partijen dy't de plannen meitsje en útfiere, dizze partijen wurde bekostige fan partner- en sponsorjilden. Dêr kiest de partij fan de Van der Weijden Foundation likegoed as de organisaasje fan de tocht fan Van der Pal foar. Sa kinne de donaasjes foar de folle 100 persint ynset wurde foar de ûndersiken dêr't sy foar bedoeld binne. Beide organisaasjes ûnderhâlde kontakt mei de gemeente.

Maarten van der Weijden oer de plysje-krapte

Marianne Faber: "Doe't wy de organisaasje op 'e nekke krigen skrokken wy dêr yn elts gefal wol fan. It is yntusken wurden: tinke yn oplossingen. Wy besykje goed kontakt te hâlden mei de gemeente, wêr kinne we meitinke en hoe kinne wy it sa feilich mooglik meitsje foar eltsenien. Yn jannewaris wurdt de fergunning fan ús oanfrege."

Marianne Faber, de frou fan Stefan van der Pal

(advertinsje)
(advertinsje)