Debút foar Doan Van Hau: "Ik doe mijn best mensen niet teleur te stellen"

17 des 2019 - 23:18

Doan Van Hau hat tiisdeitejûn syn debút foar Hearrenfean makke yn de bekerwedstriid tsjin Roda JC. "Ik ben hartstikke blij dat ik vandaag mijn debuut mocht maken en ik zal mijn uiterste best doen om dit verder te brengen, dat er nog meer wedstrijden zullen volgen," jout Van Hau oan fia syn tolk.

De Fjetnamese linksback kaam twa minuten foar tiid yn it fjild. Hy krige yn de ekstra tiid in giele kaart foar in oertrêding. Salesmanager hat pear wike lyn frege om Van Hau op te stellen.

'Wij willen Doan zien!'

It publyk op It Hearrenfean liet witte dat sy Van Hau graach op it fjild sjen woene. Der waard songen: "Wij willen Doan zien!" Van Hau seit dêroer: "Ik zat natuurlijk op de bank, toen hoorde ik duidelijk mijn naam. Het duurde even voor ik het veld op mocht. Daarom voelde ik me wat verdrietig. Maar toen ik het veld op mocht voelde ik mij erg blij."

Neffens him binne der in soad minsken yn Fjetnam dy't him folgje. "Iedereen in Vietnam steunt mij bij Heerenveen en men is hartstikke blij dat ik vandaag mijn debuut mag maken. Ik doe mijn uiterste best om de mensen nog blijer te maken en de mensen niet teleur te stellen."

As hy wat faker wedstriden spylje mei soe de kâns ek grutter wurdt dat in Fjetnameeske sponsor in oerstap meitsje wol om mooglik sponsor foar SC Hearrenfean te wurden, tinkt Van Hau. Hy is de earste Fjetnameeske spiler yn de earedifyzje. "Ik ben erg blij dat ik vandaag mijn debuut mocht maken, ik heb hopelijk de eerste stap gezet om meerder Vietnamese voetballers in de eredivisie te krijgen. Daar ga ik mijn best voor doen."

(advertinsje)
(advertinsje)