Akkoart oer stikstofmaatregels: dochs aksjes woansdei

17 des 2019 - 22:38

It kabinet hat in akkoart berikt mei it Landbouw Collectief oer de stikstofmaatregels. Dit skriuwt it fakblêd fan LTO Noord, Nieuwe Oogst. Ek Haachske ynwijden befêstigje de berjochten. Net eltsenien is it lykwols iens oer it akkoart, neffens Farmers Defence Force is der noch net in oerienkomst. Dêrom sille de aksjes foar woansdei foarearst gewoan trochgean.

Moarnsbrochje mei it Landbouw Collectief - Foto: ANP

Yn it akkoart binne in soad maatregels opnommen dy't it kabinet al earder nei bûten brocht hat. Yn it akkoart stiet dat der gjin sprake is fan 'generike krimp.' Boeren wurde ek net twongen om mei harren bedriuw op te hâlden. Fierder is ôfsprutsen dat drompelbetingsten foar stikstof regionaal regele wurde moatte en dat der minder aaiwyt yn it feefoer komme moat.

Moandei hiene leden fan it kollektyf in moarnsbrochje mei premier Rutte en lânbouminister Schouten nei't boeren klage hiene oer de opstelling fan it kabinet. De ûnderhannelingen giene muoisum. Dat wie ien fan de redenen foar boeren om de aksjes fan woansdei oan te kundigjen.

Troch de útspraak fan de rjochter is in part fan de aksjes ôfsein, mar der binne noch in soad boeren dy't fan doel binne te demonstrearjen woansdei. Sa stiene der tiisdei tsientallen trekkers op it Binnenhof. Aksjegroep Farmers Defence Force hat syn hannen ôflutsen fan dizze aksjes.

Farmers Defence Force: noch net akkoart

De aksjegroep Farmers Defence Force jout yn in brief oan noch net akkoart te wêzen. Neffens de groep is de ynformaasje net folslein en net aktueel. It artikel fan Nieuwe Oogst soe net goed yninoar stekke: in part fan de ôfspraken is noch feroare en oer in tal wichtige dingen soe noch net in oerienkomst wêze. Neffens Farmer Defence Force binne de ôfspraken skeind oer it nei bûten bringen. Neffens de aksjegroep moatte boeren dus 'druk uit blijven oefenen.'

Woansdei 6.00 oere sammelje

Woansdeitemoarn sille de boeren troch de provinsje harren op ferskate plakken sammelje, om nei alle gedachten dochs aksje te fieren. Wat de aksjes ynhâlde sille wie tiisdeitejûn noch net bekend.

Trefwurden: 
boeren stikstof regear
(advertinsje)
(advertinsje)