Wer dosint op non-aktyf troch net-winske kontakt tusken dosint en learling

17 des 2019 - 23:19

Der hat mooglik in twadde gefal west fan 'meer dan uitsluitend professioneel contact' tusken in dosint en in learling op it kristlik gymnasium Beyers Naudé yn Ljouwert, sa skriuwt de skoalle yn in ferklearring. Ofrûne moanne is der in dosint op non-aktyf set, mar no docht bliken dat der mooglik nóch in soartgelyk, mar wol op himsels steand gefal west hat. It giet lykwols om in oare dosint, dy't op dit stuit ek op non-aktyf set is.

Foto: Omrop Fryslân, Andries Bakker

De skoalle hat oanjûn flink skrokken te wêzen en dat it ekstern útfierde ûndersyk trochset wurdt, yn goed oerlis mei de Underwiisynspeksje. De skoalle wol de ûnderste stien boppe krije, sa skriuwt de skoalle. Troch it ûndersyk is der in melding kaam fan in twadde, mooglike foarfal. De twa learlingen dêr't it om giet sitte hjoed-de-dei al net mear op de skoalle.

Foarsitter Joost Visser fan it Kolleezje fan Bestjoer fan CVO Noord-Fryslân, de feriening foar kristlik ûnderwiis: "Wij zijn bezorgd over de impact voor de directbetrokkenen en de onrust die dit teweeg brengt in de school. Wij zijn ook vastbesloten de onderste steen boven te halen. De veiligheid van onze leerlingen staat namelijk voorop".

Profesjonele begelieding

De learlingen fan de skoalle wurde woansdei troch harren dosinten en mentoaren op 'e hichte steld. Der is profesjonele begelieding en stipe beskikber. Op jûntiid is der yn de skoalle romte foar âlden om deroer te praten en om fragen te stellen mei in spesjale ynrinjûn.

Trefwurden: 
Ljouwert Beyers Naudé dosint
(advertinsje)
(advertinsje)