Hearrenfean bekeret fierder nei winst op machteleas Roda JC

17 des 2019 - 21:39

SC Hearrenfean is troch nei de folgjende ronde fan de KNVB Beker. De Feansters wiene yn eigen hûs mei 2-0 te sterk foar Roda JC.

Hicham Faik fan SC Hearrenfean - Foto: Orange Pictures

Al yn de earste minút kaam Hearrenfean ticht by in goal. In lange bal kaam by Joey Veerman dy't skeat, mar keeper Radomir Novakovic koe it skot hâlde. Yn de minuten dêrnei hold hy ek skotten tsjin fan Mitchell van Bergen en Hichaim Faik en in kopbal fan Ricardo van Rhijn.

Sa gie it de hiele earste helte troch. Hearrenfean bleau oanfallen en kaam ta in soad kânsen mar wist de bal net efter de keeper fan Roda te krijen. Ek de peal stie in pear kear yn de wei. Dresevic wie mei in frije traap fan grute ôfstân tichtby, mar de bal gong krekt by it doel del.

Dochs noch raak

Krekt foar skoft wie it dan lang om let raak. Chidera Ejuke spile ferdigener Roshon van Eijma út en joech de bal foar op Van Bergen, dy't fan tichtby skoarde.

De earste doelkâns foar Roda kaam pas yn de twadde helte doe't in hoekskop oer kopt waard, en efkes letter gie ek in skot fan Croux oer. Dêrnei wie it wer oan Hearrenfean. Joey Veerman draaide him frij en pleatste de bal yn de fiere hoeke: 2-0. It wie de earste goal yn tsjint fan Hearrenfean foar de Volendammer.

Hearrenfean likegoed as Roda krigen dêrnei noch kânskes, mar in doelpunt siet der net mear yn. Sa giet SC Hearrenfean dus troch nei de folgjende ronde fan de KNVB beker.

Van Hau

Krekt foar tiid makke Doan Van Hau syn debút. Nei de foarige bekerwedstriid frege salesmanager Koopman oan trainer Johnny Jansen de Fjetnamees spyltiid te jaan. Van Hau krige yn de ekstra tiid noch in giele kaart.

Trainer Johnny Jansen fan SC Hearrenfean:

Middenfjilder Joey Veerman:

SC Hearrenfean - Roda JC 2-0 (1-0). 44. Mitchell van Bergen 1-0, 55. Joey Veerman 2-0.

Opstelling SC Hearrenfean: Hahn; Van Rhijn, Dresevic (70/Høegh), Botman, Floranus (88/Van Hau); Veerman, Faik, Kongolo; Ejuke (64/Dreyer), Odgaard, Van Bergen.

(advertinsje)
(advertinsje)