VVV De Jouwer besiket Súdwest-Fryslân yn in Songfestivalfilmke te krijen

17 des 2019 - 20:52

Oer in lyts healjier is it Eurovisie Songfestival yn Nederlân. Wa't wolris nei it Songfestival sjocht, wit dat der by de útstjoeringen ek altyd filmkes binne dêr't it gastlân him sa moai mooglik presintearret. Dat mei Nederlân ditkear dus ek dwaan. In moaie mooglikheid dus om it súdwesten Fryslân te promoatsjen, tochten se by de VVV op De Jouwer.

Foto: ANP

"It soe dochs prachtich moai wêze as wy al dy minsken dy't nei it Songfestival sjogge it súdwesten fan Fryslân sjen litte kinne," seit Grietje Hoekstra fan it VVV. "Ik seach it op telefyzje foarbykommen en ik tocht: dit is in kâns, hjir moatte wy op ynheakje. Der sjogge wol 180 miljoen minsken nei, in prachtich publyk om ús regio te promoatsjen."

Wat is dan it plan? "Wy wolle eins safolle mooglik minsken yn Súdwest-Fryslân oproppe om ûnderfiningen yn te stjoeren nei it Songfestival, sa't de organisaasje hast net kieze kin út wat der yn it súdwesten fan Fryslân te dwaan is. Minsken kinne fan alles ynleverje. Yn Súdwest-Fryslân kinne je mei in ko knuffelje, meisjonge mei in koar yn Hylpen of it skûtsjesilen. Neam it mar op."

Neffens Hoekstra kin it súdwesten represintatyf wêze foar de hiele provinsje. "Wy freegje minsken sels ek om harren op te jaan, yn it hoemannichte en de útienrinnende dingen sit ús krêft," seit sy.

Grietje Hoekstra fan de VVV op De Jouwer

(advertinsje)
(advertinsje)