Stikstof-spoedwet oannommen yn de Earste Keamer

De stikstofwet fan it kabinet is tiisdei goedkard yn de Earste Keamer. It giet om in spoedwet mei maatregels om de bou wer oan de gong te krijen. It wiene lytse partijen dy't de koälysje oan in mearderheid holpen hawwe: 50PLUS, SGP, Groep Otten en de Onafhankelijke Senaatsfractie.
© ANP
Foar't der stimd is yn de Earste Keamer, binne der noch in pear boeren út Súd-Hollân nei it Binnenhof ta riden. De tagong ta it Binnenhof wie ôfsletten, mar boeren hawwe wol besocht sa hurd mooglik te toeterjen.