Wurdearring foar Campus Fryslân, mar noch te min studinten en opliedingen

17 des 2019 - 20:17

Neffens provinsje Fryslân rint it tal studinten en it tal opliedingen fan de RUG Campus Fryslân efter op skema. Campus Fryslân hat no 7 opliedingen en 197 studinten, eins soe dat 11 opliedingen en 535 studinten wêze moatte. Wat it tal studinten oanbelanget is it dus 37 persint fan de doelstelling.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

De provinsje ynformearret twa kear yn it jier nei de ûntwikkelingen. De resultaten oer it earste healjier fan 2019 binne no bekend. Nettsjinsteande it efterrinnen op skema jout de provinsje wol oan dat der in soad wurdearring is foar de wize wêrop't Campus Fryslân in posysje ynnommen hat yn it Fryske ûnderwiisfjild.

(advertinsje)
(advertinsje)