Afgaanske húshâlding fan Burgum frijlitten yn ôfwachting fan proses

17 des 2019 - 18:46

De Afgaanske húshâlding dy't driget útset te wurden wylst de âlden en de bern al fjouwer jier yn Burgum wenje, is no yn ôfwachting fan it proses yn frijheid litten. De âlden en de fiif bern sieten sûnt in wike yn in detinsjesintrum yn Zeist. It makke in soad los yn Burgum en snein is der in groep nei Zeist gien om in 'wake' te hâlden foar de húshâlding.

Tsientallen Burgumers wiene snein yn Zeist - Foto: Keistadnieuws

Woansdei wurdt de húshâlding frijlitten. Hanneke Hooghiemstra fan ChristenUnie Tytsjerksteradiel is tige wiis mei it beslút. "Wy binne der tige bliid en tankber mei." Sy hat it nijs heard fan de advokaat. It Centraal Orgaan opvang asielzoekers (COA) en de Immigratie- en Naturalisatiedienst (IND) regelje it no fierder.

Wêr opfongen?

It is noch net oft dat betsjut dat sy werom nei Burgum geane, of foarearst earne oars opfongen wurde. "Wy hope wol dat sy werom mei nei Burgum, mar it bart wol faak dat sy dan earne oars pleatst wurde," seit Hooghiemstra. "De druk is der no efkes ôf, sy hoege de krystdagen yn elts gefal net yn finzenskip troch te bringen."

Oft it frijlitten te krijen hat mei de 'wake' yn Zeist wit Hooghiemstra net, mar: "Kwea koe it net, it wie yn elts gefal foar de húshâlding sels moai dat der oan harren tocht waard.."

De âlden en bern út Afganistan binne bekeard ta it kristendom, mar de Immigratie- en Naturalisatiedienst leaut harren ferhaal net. Dêrom driget de famylje weromstjoerd te wurden. Foar it bernepardon komt de húshâlding net yn oanmerking.

Hanneke Hooghiemstra fan ChristenUnie Tytsjerksteradiel

(advertinsje)
(advertinsje)