Foar it earst mear as 300.000 banen yn Fryslân

17 des 2019 - 18:38

De Fryske banemerk is yn it ofrûne peiljier flink tanommen. It tal banen yn Fryslân naam mei goed 3.500 ta, in groei fan 1.2 persint. Troch de groei is foar it earst ea de 300.000 banen-grins trochbrutsen. It totaal oantal banen yn Fryslân is no 302.500.

Sollisitaasje - Foto: ANP

Yn it register wurdt der ûnderskied makke tusken grutte (banen fan minimaal 15 oeren yn de wike) en lytse banen (minder as 15 oeren yn de wike). Yn de provinsje binne 241.530 grutte banen, dêr steane 60.970 lytse banen tsjinoer. Yn 2019 binne der 4100 mear grutte banen kaam. It tal lytse banen naam mei 580 ôf.

De groei fan 3.525 banen komt foar in tredde part út nije ienmanssaken. Dat is mei 1180 tanommen, oant 42.070 ienmanssaken. It oantal fêstigingen mei personiel soargen foar in groei fan 2345 banen.

Tal banen yn de gemeenten groeie

Yn de helte fan de Fryske gemeenten, 9 fan de 18, is it tal banen tusken de peildatums 1 april 2018 en 1 april 2019 tanommen. De gemeente Hearrefean groeide wat banen oanbelanget relatyf sjoen mei 4.3 persint it sterkst. De banen yn de gemeenten Ljouwert, Harns, Skiermûntseach, Noardeast-Fryslân en Eaststellingwerf namen ta mei sa'n 2 persint. Yn de gemeente Waadhoeke giene 440 banen ferlern, in krimp fan mear as 2.5 persint. It tal banen yn Smellingerlân groeide mei sa'n 1.2 persint, yn Súdwest-Fryslân bleau it oantal banen sa goed as lyk.

De provinsje hat in arbeidsmerkdashboard op harren webside, dêr't noch folle mear sifers stean, wolle jo dizze besjen? Dan kin dat fia www.fryslan.frl/arbeidsmarktdashboard

Trefwurden: 
Fryslân banen banemerk
(advertinsje)
(advertinsje)