"Swimalvestêdetochten ek yn 'e knipe troch te min plysjekapasiteit"

17 des 2019 - 17:40

De organisaasje fan de swimalvestêdetochten fan Stefan van der Pal en dy fan de Maarten van der Weijden Foundation komme troch de plysjekrapte by gemeente Ljouwert nei alle gedachten yn 'e knipe. Troch ûnder oare de kapasiteitsproblemen hat de gemeente ek al fiif festivals in halt tasein.

Boargemaster Buma sei it folgjende: "Formeel hebben we daar (van de organisatie, red.) nog geen aanvraag ontvangen. We moeten zien hoe we dit moeten gaan inrichten, maar bij het indienen van de aanvraag gaan wij wel zeggen: je moet zelf regelen wat je kan regelen."

De plysjekapasiteit yn Ljouwert is hiel krap. "De grens is voor ons bereikt, wat betreft de capaciteit," seit boargemaster Buma fan Ljouwert.

Boargemaster Buma oer de plysjekrapte yn Ljouwert

Foto: Casper van Aggelen
(advertinsje)
(advertinsje)