Welcome To The Village nominearre foar 'bêste festival'

It Ljouwerter festival Welcome To The Village is troch de feriening fan Nederlandse Poppodia en -Festivals nominearre foar de titel 'Beste Festival' fan 2019. Ek festivals yn Tilburg, Biddinghuizen en Utrecht meitsje kâns op de titel.
Welcome to The Village © Omrop Fryslân, Geertrui Visser
De feriening rikt sûnt 1997 prizen út, net allinne foar bêste festival, mar ek foar bêste direkteur, bêste programmeur en bêste marketeer.
Yn jannewaris wurdt by it Grinzer festival Eurosonic Noorderslag bekend of Welcome To The Village de priis wint.