Nije Fryske Bibeloersetting: "It is in puzel dy't jo meitsje"

17 des 2019 - 16:39

Sûnt 1978 hat der gjin nijenien mear west: in oersetting fan de Fryske Bibel. Mar dêr komt feroaring yn. Deputearre Steaten stelle in ton beskikber foar in nije Fryske oersetting fan de Bibel. De totale kosten binne 350.000 euro, mar de rest fan it jild is ek al binnen. Op 17 jannewaris begjinne ferskate Fryske skriuwers mei oersetten. It projekt moat oer fjouwer jier klear wêze.

In meunsterput

"It oersetten fan de Bibel wurdt in meunsterput," seit inisjatyfnimmer Lútsen Kooistra. "In tal minsken giet de kommende fjouwer jier oan de slach mei oersetten." Yn 2024 moat it klear wêze. "It wie heel dreech om goede oersetters te finen, mar dat is gelokkich wol slagge."

Kooistra is al in pear jier dwaande om de oersetting binnen te heljen. "De âlde Bibel is net mear fan dizze tiid. In nije oersetting is net allinnich wichtich foar de minsken fan de tsjerke, mar ek foar it Frysk yn syn gehiel. Jo krije dan in soarte fan kanon en kinne dêr alles oan spegelje. Oer tritich jier kinst de Fryske Bibeloersettingen mei-inoar ferlykje."

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Friezen en tsjerke

De Bibel is yn in soad talen oerset, mar net faak yn it Frysk. Dat komt neffens Kooistra om't Friezen en de tsjerke net sa'n lokkich houlik hawwe. "In soad minsken yn Fryslân prate Frysk, mar wannear't se yn de tsjerke komme gean se gau oer nei it Nederlânsk. Hoe't dat kin, is my in riedsel, mar dêrtroch rint it Frysk wol efter. En dan krije jo dus dat in fertaling mear as fjirtich jier op him wachtsje lit."

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

"In hiele puzzel"

Cor Waringa is ien fan de minsken dy de Bibel nei hjoeddeisk Frysk oerset. "Ik besjoch it as in soarte fan puzel. Ik hâld fan sudoku's en it oersetten liket dêr in soad op. Ik moat my altyd ôffreegje wat bedoeld wurdt. Wat wol dy Paulus hjir no beweare en hoe sette jo dat oer yn hjoeddeistich Frysk?"

Njonken dat is it fansels ek sa dat der in soad oare betsjuttingen binne foar in wurd. "Faak wurdt der ynterpretearre," fertelt Walinga, wylst er de Bibel iepenslacht. "Hjir stean noch wurden yn as 'njirrebrod.' Dat brûkt gjinien mear en dus moatte wy dat oanpasse."

Waringa hâldt fansels ek each foar syn publyk. "It moat fansels ek noch wat oansprekke. Dat it taalgebrûk wat linich is en it minsken oansprekt. Ik soe it ferfelend fine as minsken trije kear lêze moatte wat er no krekt stiet. Of dat se it dan noch hielendal net snappe."

Wat is der sa ferâldere? Beharkje dat hjir

Trefwurden: 
Frysk bibel
(advertinsje)
(advertinsje)