Taryfsferheging Wetterskip giet definityf troch

Wetterskip Fryslân hat tiisdei in definityf beslút naam oer de begrutting foar 2020. De plande taryfsferheging foar de boeren giet wol troch. Der wie mar in hânfol boeren op de gearkomste ôfkaam, net mear as tweintich.
Mar in pear boeren mei trekkers by it WTC foar aksje tsjin Wetterskip Fryslân © Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
Troch hegere belestingen binne boeren binne takom jier yn trochsneed achthûndert euro mear kwyt as no. Boeren binne dêr min oer te sprekken. Se kamen manmachtich by in eardere gearkomst, om dat witte te litten. Se koene doe net allegearre yn it gebou fan Wetterskip Fryslân en dat soarge foar ûnfeilige situaasjes. Om boeren dizze kear mear romte te jaan, hat it wetterskip de gearkomst fan no ferpleatst nei it WTC Expo. Der wie lykwols net in soad belangstelling.
De boeren binne tsjin de plannen fan it wetterskip om de tariven flink te ferheegjen. Agraryske bedriuwen krije yn 2020 mooglik te meitsjen mei in lêsteferheging fan 15,3%. Dat is fansels stevich, mar sy binne net de iennichste dy't mear betelje. In húshâlding mei in keaphûs betellet takom jier 8% mear en in MKB-bedriuw - mei minder grûn as in boer - 6% mear. Eltsenien moat dus mear betelje.

Jildpine

De jildpine en ek de útdagingen by Wetterskip Fryslân binne grut. Wetterskip Fryslân draait mei struktureel ferlies. Foar dit jier waard rekken hâlden mei in ferlies fan 5 miljoen, mar troch ferskate ôffallers rinne dy ferliezen op oant sa'n 9 miljoen.

Drûge fuotten

Ek stiet it wetterskip foar geweldige útdagingen. De seekearing wurdt ferhege - in projekt fan in pear hûndert miljoen. En Wetterskip Fryslân is ek in wetterskip fan de grutte getallen. Der binne, om mar ris wat te neamen, 838 gemalen yn Fryslân en 8.200 peilfakken. Dêrop besunigje kin net samar, want al dy gemalen en peilfakken moatte wol beheard wurde. Boeren én boargers hawwe dêr grut belang by, want dat bepaalt oft we drûge fuotten hâlde of net.
Ferslachjouwer Eric Ennema by Wetterskip Fryslân