Sven Kramer: "It is stabyl, mar net stabyl goed"

17 des 2019 - 16:05

"It giet stabyl, mar net stabyl goed." Dat seit Sven Kramer. De reedrider hat noch altyd bot lêst fan 'e rêch. "Al wikselet it per dei. It is eltse dei wer oars." We sjogge mei Sven Kramer foarút op it Nederlânsk kampioenskip fan 27 oant en mei 29 desimber.

Sven Kramer rydt dit seizoen ien wrâldbeker. Yn Minsk sette er de 13e tiid del op de 5000 meter, wêrnei't er syn konklúzjes luts. Hy gong net nei de wrâldbekers yn Poalen, Kazachstan en Japan, mar gong ûnder oare op trainingskamp nei Collalbo. Om de rêch better wurde te litten, mar foaral om sterker te wurden.

Hast al dyn nocht fan de fragen oer dyn rêch?

"Mwa, ik soe leaver oer positivere ûnderwerpen prate wolle. Mar goed, ik snap it wol."

No ja, dan dochs mar dy fraach: Hoe is 't mei de rêch?

"Stabyl, mar net stabyl goed. It giet echt op en del."

It is alle dagen wer ôfwachtsjen hoe't it giet?

"Ja. It is hiel wikselfallich."

Docht it sear?

"No nee, it is foaral dreech om stjoering op it iis te krijen. It is in senuwprobleem."

Wannear bist tefreden nei dit NK?

"As ik in stabile 1500 en 5000 meter ryd."

Wannear is dat?

"As ik my pleats, al klinkt dat wat gek út myn mûle. Mar ik wol my foaral pleatse foar de kommende toernoaien. It earste is it EK ôfstannen yn Thialf. Dat is in moaie wedstriid."

Wat dochst mei de 10.000 meter?

"Ik wachtsje noch efkes ôf, oft ik dy ryd. It hinget derfan ôf hoe't ik my fiel."

Woansdei sjogge we mei Antoinette de Jong foarút op it belangrike toernoai, it NK ôfstannen. Tongersdei dogge wy itselde mei Douwe de Vries.

(advertinsje)
(advertinsje)