Ferplichte behanneling nei swiere mishanneling freondinne

17 des 2019 - 15:42

In man út Drachten dy't syn freondinne mishannele hat, moat him ferplichte behannelje litte, sa hat de rjochtbank bepaald. De man wenne noch mar krekt by de frou yn, doe't it út de hân rûn. Under ynfloed fan in soad drank en pillen beskuldige hy har derfan dat se mei in oar gie en mishannele er har swier.

Rjochter - Foto: Shutterstock.com

De frou rûn ûnder oare in swiere harsenskodding op. De fertochte is neffens de rjochtbank fermindere tarekkenber. Hy hat in posttraumatyske stressstoarnis oprûn trochdat er as jonge op strjitte libbe hat. Hy is ek swakbejeftige en hat meardere persoanlikheidssteurnissen. Nei syn behanneling komt er ûnder tafersjoch fan de reklassearing.

Trefwurden: 
Drachten mishanneling straf
(advertinsje)
(advertinsje)