Heger berop foar distribúsjesintra-aksjes hellet it net

17 des 2019 - 15:31

It heger berop fan de advokaat fan Farmers Defence Force is ôfwiisd. Hy fynt dat it ferbod fan de rjochter om aksje te fieren by distribúsjesintra ûnterjochte is. De advokaat die op 'e nij in fersyk dien foar in spoedappèl, nettsjinsteande dat de rjochter earder tiisdei al in fersyk oan kant lein hat om't in behanneling foar de ein fan it jier net realistysk is. Ek it heger berop helle it net.

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Mei de útspraak taastet de rjochter it grûnrjocht om te demonstrearjen oan en dat is net akseptabel, fynt advokaat Eric van der Goot fan Rotshuizen en Geense yn Ljouwert. Neffens Van der Goot hâldt de útspraak yn dat boeren ek net yn de buert fan leden fan it Centraal Bureau Levensmiddelenhandel ride kinne. Sels in file troch boeren feroarsake soe al in oertrêding wêze fan de útspraak en dêr stiet in hege twangsom op. Farmers Defence Force hat dêrom alle aksjes ôfblaasd.

Van der Goot neamt de útspraak útsûnderlik om't it rjocht fan demonstraasje yn de grûnwet stiet. "Het gaat heel ver, het komt er op neer dat er in feite geen enkele actie meer mag worden georganiseerd waarbij een lid van het CBL geschaad wordt. Op het moment dat de boeren een file zouden creëren op een snelweg door daar eenvoudigweg overheen te rijden, zou het al mogelijk zijn dat er vrachtwagens die supermarkten bevoorraadden belemmerd worden."

Op ferskate sosjale media jouwe boeren oan wol aksje fiere te wollen ek hat stichting Bouw in Verzet de boeren frege harren oan te sluten by harren aksje. Van der Goot seit dat Farmers Defence Force net ferantwurdlik is foar aksjes fan tredden.

Advokaat Eric van der Goot fan Rotshuizen Geense Advocaten

(advertinsje)
(advertinsje)