Wolf by Bakkefean op de foto set troch fêste kamera

17 des 2019 - 16:06

Foar it earst yn Fryslân is in wolf op byld fêstlein. Dat meldt de provinsje. It bist is op de foto gien by Bakkefean. Dat is dien mei in automatyske kamera. Der waarden al wol earder wolven yn Fryslân sjoen, mar noch net op byld fêstlein.

De ôfrûne tiid hawwe der meardere gefallen west mei deabiten skiep yn Fryslân. Yn in pear gefallen die lykwols bliken dat in hûn de dieder wie, lykas yn Wolvegea en Slappeterp. By Toppenhuzen gie it om foksen. Mar ek by Rie, Peins en Koartehimmen binne skiep deabiten of is mooglik in wolf sjoen.

Deputearre Kramer oer de wolf

Deputearre Johannes Kramer: "Der is in wolf trappearre mei in kamerafal, hy is earne tsjinoan rûn en sa is hy op de gefoelige plaat set. De wolf is ûnder Bakkefean oantroffen. It hat in skoft stil west, mar de wolf lit him yn Fryslân hieltyd faker sjen. As der skiep deabiten binne en der is in tinken dat it wolris in wolf wêze kin, dan wurdt der DNA ôfnommen. As bliken docht dat it in wolf is, kin de boer in skeafergoeding krije."

Trefwurden: 
wolf Bakkefean kamera skiep
(advertinsje)
(advertinsje)