Festivals Ljouwert skrast troch te min plysje: organisaasjes ferbjustere

17 des 2019 - 17:37

De gemeente Ljouwert hat tiisdeitemiddei bekendmakke dat fiif festivals net trochgean kinne, dat hat te krijen mei te min plysjekapasiteit. Ek geane der lûden oer te folle lûdsoerlest. Under oare it festival Promised Land komt yn de gefaresône. Tiisdeitemiddei om fjouwer oere hawwe boargemaster Buma en plysje-sjef Cor Reijenga fan plysje Ljouwert in taljochting jûn.

Promised Land yn 2018 - Foto: Omrop Fryslân, Mariët Saakstra

It festival Promised Land is foar it earst holden yn juny 2014 yn rekreaasjegebiet De Griene Stjer. De oare festivals binne Brak in het Park, de Oktoberfesten op it Aldehoustertsjerkhof en it Saailân, ek is it Túnfeest yn de Prinsetún fan de evenemintekalinder helle.

Te min kapasiteit

De gemeente lit witte: "De politie in de gemeente Leeuwarden geeft in 2020 prioriteit aan de inzet in de wijken, en aaneen brede aanpak van ondermijning. Tegelijk is de capaciteit beperkt doordat het Leeuwarder politieteam is teruggebracht tot zijn formatieve sterkte. Hierdoor is er minder politiecapaciteit beschikbaar voor de begeleiding van evenementen."

Neffens de gemeente moatte der ek aginten by demonstraasjes en lanlike eveneminten lykas it Eurovisie Songfestival, de Grand Prix, it EK-fuotbal en de Klimaattop wêze. Benammen tusken juny en augustus is der minder plysjekapasiteit.

Plysje: dilemma's foarlein

Teamsjef Cor Reijenga fan de plysje: "De fraach nei plysje is altyd grutter as de sterkens. Wy hawwe besocht in balâns te finen, mar wy hawwe dêrom no dit foarstel dien. Wy besykje altyd yn de wiken te wêzen, mar wy binne der wolris weilutsen om't der oare dingen wiene. In festival jout in risiko en de boargemaster hat in kar makke. Wy hawwe ús dilemma's en senario's oan de 'driehoek' foarlein." Der hat dêryn oerlis west tusken de boargemaster, offisier fan justysje en de plysje.

Teamsjef Cor Reijenga fan de plysje

Organisaasje Promised Land: "Wy binne ferbjustere"

"Dit is in 'hard gelag', hiel soer nijs fansels," seit producer Wiebe Kootstra, fan ûnder oare Promised Land en it Oktoberfest yn Ljouwert. "Wie hiene al lûden meikrigen dat de plysje yn 2020 in gebrek oan kapasiteit hat en dat it wat problemen opleverje koe, mar geandewei is ek dúdlik wurden dat it ek trije eveneminten fan ús BHE Music Group wêze soene."

Dat is in probleem foar de organisatoaren. "Promised Land draait faak net in soad winst, mar in Oktoberfest kin wol kommersjeel oantreklik wêze. Sa'n feest is dus in ynvestearring foar bygelyks Promised Land of Brak in het Park. Boppedat hiene wy al ôfspraken mei leveransiers, de hoareka en artysten. It hat gigantyske konsekwinsjes, it is echt hiel soer."

No falt it sawiesa in jier fuort. "It liket my dreech om it dêrnei wer op te pakken. Oktoberfesten binne der wol mear en Brak in het Park soe in oare organisaasje ek samar foar studinten oppakke kinne," seit Kootstra.

Kootstra: "Wy binne ferbjustere en fol ûnleauwe, om ús hie it net sa moatten. Fan it fergunningsperspektyf moatte wy sels ek al in soad feiligens garandearje."

Wiebe Kootstra, producer fan ûnder oare Promised Land

(advertinsje)
(advertinsje)