Direkteur De Lawei giet út de klean by 2000 folgers, teller stiet no op 1300

17 des 2019 - 14:34

Direkteur Stef Avezaat fan skouboarch De Lawei yn Drachten lit himsels neaken skilderje as der twatûzen folgers op Twitter binne. Gjin folgers fan himsels, mar fan skilderes Margreet Boonstra. De teller stiet no op goed 1300 folgers.

Foto: Omrop Fryslân

Margreet Boonstra: "Ik bin lânskipsskilderes, mar meitsje graach in útsûndering as Avezaat myn model is"

Boonstra is lânskipsskilderes, mar se wol foar Avezaat 'yn natuera' graach in útsûndering meitsje: "Miskien kin er wol yn de iepenloft posearje.'' De twatûzen folgers op Twitter soene har helpe om har wurk mear bekendheid te jaan. Avezaat hat Boonstra syn help oanbean. Hy skeakele kabaretier Jochem Myjer yn. Dy hat goed 1,2 miljoen folgers op Twitter, stjoerde it berjocht troch en doe hie Boonstra der in pear hûndert folgers by.

Foto: Twitter
(advertinsje)
(advertinsje)