Spoedappèl fan Farmers Defence Force ôfwiisd

17 des 2019 - 14:08

It heger berop fan de Farmers Defence Force (FDF) tsjin it ferbod fan de rjochter om distribúsjesintra plat te lizzen, sil pas yn 2020 tsjinje. De FDF hie in spoedappèl oanfrege, mar dat is troch de rjochter ôfwiisd.

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltvoort

De FDF woe foar woansdei yn berop gean tsjin de útspraak fan de rjochter yn it koart pleit. De rjochter hat dat fersyk ôfwiisd en neamt in behanneling fan de saak foar de ein fan it jier net realistysk. FDF hie alle aksjes al ôfsein yn ôfwachting fan it heger berop.

(advertinsje)
(advertinsje)