Oprop Bouw in Verzet oan boeren: slút jim by ús oan

17 des 2019 - 13:20

Farmers Defence Force (FDF) stelt alle protestaksjes út oant it heger berop. Salang't der noch gjin útspraak is, ropt it bestjoer op te foldwaan oan it útstel. Yn de groepen op sosjale media ropt no de stichting Bouw in Verzet de boeren op troch te gean mei harren aksjes en har by Bouw in Verzet oan te sluten.

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

"Het kan en mag niet zo zijn dat wij als sector monddood worden gemaakt. Laten we allemaal gas geven morgen", seit Bouw in Verzet. FDF hat noch gjin reaksje jûn op de oprop fan de stichting.

Neffens FDF-wurdfierder Sieta van Keimpema binne yndied alle aksjes útsteld nei oanlieding fan de útspraak yn it koart pleit. Neffens har giet de útspraak fan de rjochter fier en moatte alle aksjes 'on hold' setten wurde.

Der sil troch it bestjoer fan Farmers Defence Force gjin taljochting jûn wurde oant de útspraak yn it heger berop. It is noch net bekend wannear't dit tsjinje sil.

(advertinsje)
(advertinsje)