Mearderheid yn Earste Keamer foar stikstofwet

17 des 2019 - 12:58

It kabinet hat nei alle gedachten genôch stipe foar de spoedwet foar de oanpak fan de stikstofproblematyk. Neist de koälysje sille de Groep-Otten, SGP en de Unôfhinklike Senaatsfraksje foar stimme. Dêrmei stypje 38 fan de 75 senatoaren it foarstel.

Minister Carola Schouten fan Lânbou by it debat - Foto: ANP, Bart Maat

Yn de wet stean maatregels dy't foaral bedoeld binne om de bou flot te lûken, want dy sit no diels op 't slot. Dy maatregels gean bygelyks om in stikstofregistraasjesysteem foar bepaalde kategoryen fan projekten, om oar fretten foar it fee, sadat der minder stikstofútstjit is.

Earder gie de Twadde Keamer akkoart mei de spoedwet. De Earste Keamer hat it lêste wurd. It Fryske Earste-Keamerlid Gerben Gerbrandy fan de Unôfhinklike Senaatsfraksje ferwachte fan tefoaren al dat it foarstel fan de Twadde Keamer oerein bliuwe soe. De miening oerhearsket dat der in goede oplossing komme moat foar de lange termyn, al moat der op koarte termyn fansels ek wat barre.

De behanneling fan de spoedwet yn de Earste Keamer duorret noch de hiele dei en de stimming is tiisdeitejûn.

(advertinsje)
(advertinsje)