Vuurduin en Brandaris net ferivige oan de stjerrehimel

De Vuurduin en de Brandaris sille net in nammegenoat oan de stjerrehimel krije. De nammen fan de Skylger en Flylanner fjoertuorren wiene in opsje foar in nij himellichem, mar de eare is úteinlik oan harren foarby gien. De measte stimmen yn de nammewedstriid giene úteinlik nei Nachtwacht en Sterrennacht.
Skylge © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
De stjer hat no noch de wittenskiplike namme HAT-P-6, syn planeet is HAT-P-6 b. Dy stiet op 905 ljochtjierren fan de ierde, yn it stjerrebyld Andromeda. De Nachtwacht fan Rembrandt en de Sterrennacht fan Vincent van Gogh binne twa fan de ferneamdste Nederlânske skilderijen.
Dy nammen binne goedkard troch de Internationale Astronomische Unie, dy't oer alle nammen yn it hielal giet. De organisaasje bestiet 100 jier en dêrom mochten goed 100 lannen in namme jaan oan in stjer en in planeet.

Reserve

De Nederlandse Onderzoekschool voor Astronomie hie in wedstriid foar de Nederlânske nammen organisearre. Sa'n 13.500 Nederlanners brochten dêryn harren stim út. De kombinaasje Moederpluis (stjer) en Nijntje (planeet) krigen de measte stimmen, mar dy foelen ôf omdat der sprake is fan in aktyf yntellektueel eigendomsrjocht. De reserves wiene de kombinaasjes Sterrennacht/Nachtwacht en Vuurduin/Brandaris.