Boeren meie befoarrieding supermerken net platlizze, FDF yn heger berop

17 des 2019 - 11:10

Stichting Farmers Defence Force (FDF) mei woansdei aksjefiere, mar de boeren meie gjin distribúsjesintra foar supermerken platlizze. Dat hat de foarsjenningerjochter fan de rjochtbank Midden-Nederlân besletten. It Centraal Bureau Levensmiddelenhandel (CBL) hie in koart pleit oanspand om de aksjes fan FDF krekt foar krysttiid foar te kommen.

Distribúsjesintrum Lidl op It Hearrenfean - Foto: Google Street View

FDF fiert nei eigen sizzen aksje foar in bettere priis foar de produkten fan boeren. Om harren doel krêft by te setten, binne der woansdei akjes pland by tsientallen distribúsjesintra foar supermerken yn hiel Nederlân. Yn Fryslân wolle de boeren protestearje by de Aldi yn Drachten, de Poiesz yn Snits en de Lidl op It Hearrenfean.

It CBL is benaud dat de FDF de distribúsjesintra blokkearje sil, wêrtroch't frachtweinen net mear yn en út ride kinne. Dat soe neffens de brânsjorganisaasje foar grutte problemen soargje as it giet om de befoarrieding fan supermerken. Benammen no't it hast krysttiid is. Op sitting ferklearre de FDF dat sy de distribúsjesintra net blokkearje wolle. Wol soene harren aksjes nei eigen sizzen foar 'wat hinder' soargje kinne.

Rjocht om te demonstrearjen

Elkenien hat it rjocht om te demonstrearjen. Hinder is dêrby net foar te kommen. In ferbod op it feroarsaakjen fan hinder soe neffens de rjochter feitlik delkomme op in ferbod om te demonstrearjen. De foarsjennigerjochter ferbiedt wol aksjes dy't ta gefolch hawwe dat distribúsjesintra platlein wurde, wêrtroch't distribúsje ûnmooglik makke wurdt.

De skea dêrfan foar supermerken soe grut wêze. Net allinnich de supermerken, mar ek tredden, lykas soarchynstellings, soene dupearre wurde. De rjochter nimt yn de beslissing ek mei dat de partijen net konkreet mei-elkoar yn oerlis west hawwe. As de FDF woansdei dochs distribúsjesintra platleit, moat de organisaasje in twangsom betelje fan 100.000 euro foar elke lokaasje.

FDF yn heger berop

It bestjoer fan Farmers Defence Force ropt, yn in reaksje op it koart pleit, de leden op om ôf te sjen fan "elke aksje by in lid dat by it CBL oansletten is, dus ek net mear by foodservicebedriuw DC's en ek net by supermerken". FDF giet yn heger berop tsjin it ferbod fan de rjochter. Salang't der noch gjin útspraak leit, moatte de leden foldwaan oan de oprop, neffens it FDF-bestjoer op Facebook.

It CBL is wiis mei it fonnis. "Met deze uitspraak van de rechtbank gaan wij ervan uit dat mogelijke acties van Farmers Defence Force rustig verlopen en er geen verstoringen en belemmeringen van de voedseldistributie plaatsvinden", stiet yn in skriftlike reaksje.

Ferkearde datum

Fierders wiist Farmers Defence Force derop dat de rjochtbank in fersin makke hat yn de skriftlike útspraak. Dêr stiet nammentlik dat se net blokkearje meie op 18 desimber 2018.

(advertinsje)
(advertinsje)