Fytser ferwûne nei oanriding mei auto yn Ljouwert

17 des 2019 - 09:44

Op de Julianaleane yn Ljouwert is tiisdeitemoarn in slim ûngelok bard. In oerstekkende fytser soe oanriden wêze troch in auto. Hoe slim oft de fytser deroan ta is, is noch net bekend.

Foto: CAMJO media / Robert Jan Boonstra

It ûngelok soe bard wêze trochdat twa auto's op elkoar botsten. De foarste auto rekke dêrnei de oerstekkende fytser.

De fytser is oerbrocht nei it sikehûs. De ynsitter fan de foarste auto soe ek ferwûne rekke wêze, mar hoegde net nei it sikehûs.

(advertinsje)
(advertinsje)