Bankstel yn 'e brân yn Easterwâlde

Oan de Gijenham yn Easterwâlde is yn de nacht fan moandei op tiisdei in bankstel yn flammen opgien. It bankstel stie bûten. In brommobyl dy't derneist stie, koe rêden wurde.
© De Vries Media
Om 1.00 oere hinne waard de brânwacht alarmearre. Sy hiene it fjoer gau ûnder kontrôle. Hoe't de brân ûntstean koe, is net bekend, mar mooglik is der sprake fan brânstichting. Der rekke gjinien ferwûne.