Kollum: "Seks en klassike muzyk"

"'Ideeën binne as kninen', sei John Steinbeck. 'Do krigest der twa, learst hoe'tst der mei omgean moatst, en foar'tst it witst hast in hok fol.' Dy útspraak is ta te passen op it skriuwen fan in boek. Dat skriuwen is in aventoer op himsels. Je ha in pear ideeën en sette dêrmei útein.
© Omrop Fryslân, Joris Kalma
De Toan fan Willem Schoorstra
Skriuwendewize leare je hoe't je dêrmei omgean moatte, om der nei ferrin fan tiid achter te kommen dat je ynienen in hokfol ha. It paad dat rjocht like, blykt yn 'e praktyk te bochtsjen en te kronkeljen. It foardiel dêrfan is dat it hieltyd nij eachweid opsmyt.
Lêsten hie ik ek wer sa'n ûnderfining. Ik wie dwaande mei in passaazje dy't nochal fulgêr en liderlik waard, doe't it yn my opkaam om dêr klassike muzyk by klinke te litten. In kontrast dat my fuortendaliks oanspruts. De folgjende stap wie it finen fan geskikt materiaal. Mei alwer in nij knyntsje rekke ik fan de autowei op in kronkeldyk. Dêr iepenbiere him in ûnbekende wrâld. Ien dêr't ik it bestean net fan wist en fernuvere yn om begûn te dwalen. It byld fan klassyk as fakbekwame muzyk dy't woartele is yn de westerske tsjerklike en wrâldske muzyktradysjes, en dêrmei steryl en net-eroatysk, gie hielendal oer de kop.
Der blieken spesjale Google Groups te wêzen dy't harren allinne mar dwaande hâlden mei de kombinaasje seks en klassyk. Under it motto: 'Goede muzyk of in goede frijpartij komt op itselde del: hertstocht, spanning en ekstaze, foarspul, in hichtepunt.' Yn dy groepen waarden tips útwiksele, net inkeld oer geskikte muzykstikken, mar bygelyks ek oer it effekt fan in twakwartsmjitte of in Ingelske wals. Om't ik in aardich byldzjend foarstellingsfermogen ha, begûn him fan alles yn myn kop ôf te spyljen. Soest sizze kinne dat myn dirigearstôk dêr entûsjast fan waard.
Yn in oare groep waard op in stuit de muzyk besprutsen dy't by de legindaryske orgy yn Stanley Kubrick syn Eyes Wide Shut te hearren is, nammentlik dy fan Sjostakovitsj en Ligetti. Mar ek de kampanjefideo fan Entree, de jongereinferiening fan it Amsterdamsk Konsertgebou kaam foarby. Dêryn is te sjen hoe't it pastelrôze rokje fan in frou troch in blêdblazer omheech waaid en sa har string en billen ûntbleatet. Se besiket om 'e nocht om it rokje wer nei ûnderen te triuwen. Dy fideo is in letterlike oersetting fan Air on the G-string fan Bach en is makke wurden om mear jongeren nei de konsertsealen te krijen. It krige lykwols safolle krityk dat de feriening it doe fuorthelle hat.
Yn alle gefallen bin ik as in oar man weromkaam fan alle omballingen. Klassyk kin sensueel en stadich wêze mar ek opswold en hertstochtlik, broeierich, tsjuster, gleon en glandich. Dêr hat it String kwartet no. 2 fan Borodin foar soarge, Carmen fan Bizet, Sonata Erotica fan Schulhoff en Ravel syn Bolero. It is my dúdlik wurden dat sels in strykstôk, in blokfluit en in sello tusken de skonken fan in selliste mei eroatyk te krijen hat. En as jim witte wolle watfoar muzyk by de liderlike sêne sit dy't ik ûnder hannen hie: dat falt takom jier te lêzen yn de nije roman."