Boargemaster Van Klaveren oer ferâldere amtswenning: "Het is één groot tochthol"

17 des 2019 - 07:34

Yn de gemeenteried op It Amelân wurdt al langere tiid diskusjearre oer de ferâldere amtswenning fan de boargemaster. De wente komt út de jierren 50 en soe duorsumer moatte. De ried komt lykwols net ta in beslút en hat it ûnderwerp moandeitejûn fan de aginda helle. Yn jannewaris 2020 sil der opnij oer praat wurde.

De amtswenning oan de Duinwei op it Amelân - Foto: Google Street View

Ut ûndersyk docht bliken dat ferduorsuming fan it hûs oan de Duinwei op it eilân sa'n 700.000 euro kostje sil. It bouwen fan in nije wente soe nochris in 50.000 euro djoerder wêze. De gemeenteried is der noch net rjocht oer út wat de bêste oplossing is.

It wie de bedoeling dat der yn de riedsgearkomste fan moandeitejûn in beslút naam wurde soe oer it hûs. Waarnimmend boargemaster Gerard van Klaveren hie graach sjoen dat der no ris dúdlikheid kaam. Hy wennet der yntusken net mear, mar yn jannewaris sil syn opfolger, Leo Pieter Stoel, syn yntrek nimme yn de amtswenning.

Het is één groot tochthol.

Boargemaster Van Klaveren

"Die woning is zwaar verouderd. Er is een afspraak gemaakt met de raad dat we zouden laten onderzoeken wat het kost om de woning weer bij de tijd te krijgen en energiezuiniger te maken", seit Van Klaveren. "Want het is één groot tochthol. Dat zijn mijn woorden, maar die neem ik niet terug: één groot tochthol."

It foarstel fan it kolleezje fan It Amelân wie letter om de amtswenning te slopen en der in nij hûs del te setten. Mar neffens Van Klaveren fine guon riedsleden de ynvestearring fan 7,5 ton tefolle en freegje se harren no ôf of dat wol reëel is.

Undersyk

Van Klaveren: "En dan is het typisch Amelands om dan toch maar weer een onderzoekje te vragen of te zeggen dat we het er even met elkaar over moeten hebben." Dat nije ûndersyk nei de amtswenning op It Amelân sil yn jannewaris plakfine.

Boargemaster Gerard van Klaveren oer de amtswenning

(advertinsje)
(advertinsje)