Auto yn 'e jiske nei fûle brân; mooglik sprake fan brânstichting

17 des 2019 - 06:53

Yn de Javastrjitte yn Ljouwert hat yn de nacht fan moandei op tiisdei in fûle autobrân west. Dêrby wie der sprake fan ferskate ûntploffingen. De brânwacht koe net foarkomme dat de wein folslein útbaarnde.

Foto: Anton Kappers

Neffens tsjûgen is earder in auto fan deselde eigeners yn 'e brân stutsen. De plysje ûndersiket oft der dizze kear op 'e nij sprake is fan brânstichting. Mooglik is de dieder fêstlein op bewakingsbylden.

(advertinsje)
(advertinsje)