Unyk universum fan klanken, kleur en ljocht yn Ljouwerter tsjerke

17 des 2019 - 06:30

Krystkonserten hawwe je yn soarten en maten, mar sa bysûnder as it konsert fan Theo Jellema moandei yn de Grutte- of Jakobinertsjerke fan Ljouwert, binne se de der mar selden. 'Dromen als Messiaen', sa waard it oargelkonsert oankundige.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

It wie lykwols folle mear as in konsert fan de Franske komponist Olivier Messiaen (1908-1992). De klanken fan syn krystympresjes waarden syngroan oerset nei kleurige bylden dy't dûnsjend op it front fan it oargel projektearre waarden. Elektroanysk generearre troch de muzyk fan it oargel.

Hallusinearjende wetterfal

It waard in hast hallusinearjende wetterfal fan ljocht, kleur en klanken dy't it publyk meinaam nei de wrâld sa't de komponist dy seach by it skriuwen fan dizze muzyk.

In goeie hûndert leafhawwers wiene op it unike barren ôfkaam dat fierder allinnich yn Amsterdam, Zutphen, Arnhem, Dordrecht en Goes útfierd wurdt. Theo Jellema spilet it stik 'La Nativité du Seigneur' nochris op twadde krystdei yn de Grutte Tsjerke, middeis om 15.00 oere, mar dan sûnder de ljochtprojeksjes.

In bysûnder konsert fan Theo Jellema

(advertinsje)
(advertinsje)