Ferhuzing Sybrandy's set mooglik yn jannewaris al útein

De ferhuzing fan Sybrandy's Speelpark set mooglik al yn jannewaris útein, seit ûndernimmer Sjerp Jaarsma fan rekreaasjeplak de Hege Gerzen. Op dat plak moat Sybrandy's aanst te belibjen wêze as 'speel en natuurpark'. Of as 'Gerbrandy's 2.0,' sa't Jaarsma it sels neamt.
De aksje foar de ferhuzing fan Sybrandy's op it stek by de oprit nei de Hege Gerzen © Remco de Vries, Omrop Fryslân
Jaarsma hat al aardich wat offerten foar de ferhuzingen binnen krigen. En de earste minsken belje al om te freegjen wannear't de skoalklassen der wer hinne kinne. It is de bedoeling dat Sybrandy's yn april wer iepen giet op de nije lokaasje. Dat sei Jaarsma moandei doe't der in saneamd addendum ûndertekene waard. Dêryn steane wichtige ôfspraken mei gemeente De Fryske Marren en de natuerklups yn de omjouwing.

De Hege Gerzen

Utwreiding fan de Hege Gerzen leit gefoelich omdat it deun tsjin de Iselmar oanleit. En dan komt it krekt. Der is no op papier set hoe't it folsleine kompleks better ynpast wurde kin yn de omjouwing. Ek binne der ôfspraken makke oer it ferbetterjen fan de natuer en it better behear fan dy natuer. Dat moat in grutter ferskaat oan soarten opsmite.
It ûndertekenjen fan it addendum © Remco de Vries, Omrop Fryslân