Ried Amelân stimt yn mei ferheging heffingen foar steancaravans

16 des 2019 - 22:58

De gemeenteried fan Amelân is yn mearderheid akkoart gien mei it foarstel fan it kolleezje om de heffingen foar steancaravans lyk te lûken mei dy fan fakânsjewenten. Der is in soad protest fan campingeigeners en besitters fan steankaravans tsjin de ferheging mar de ried hat der dochs mei ynstimd. Neffens boargemaster Gerard van Klaveren koe de gemeente fanwege jurisprudinsje hjiroer eins net oars as dizze ferheging trochfiere.

Foto: Omrop Fryslân

It grutste part fan de ried wie it hjir dus mei iens. De campingeigeners kinne noch wol protest oantekenje fia de rjochter, mar oft dat ek barre sil is net bekend. Tydlik boargemaster Van Klaveren is bliid dat it no lang om let ta in beslút kaam is. Der is neffens him jierren sprutsen en besocht tichter by inoar te kommen, mar dat slagge net.

(advertinsje)
(advertinsje)