Foar it earst in naturalisaasje-seremoanje yn it Frysk

Foar it earst yn de skiednis is der in naturalisaasje-seremoanje yn it Frysk dien op it gemeentehûs fan Opsterlân yn Beetstersweach. By naturalisaasje-seremoanjes is gewoanwei it Nederlânsk de fiertaal.
© CAMJO media / Robert Jan Boonstra
Frou Cielo Palmes komt fan de Filipinen en mocht Nederlanner wurde. Sy hat oanjûn op it gemeentehûs yn Beetstersweach dat sy graach har naturalisaasje-seremoanje yn it Frysk woe. Palmes fielt har as ynwenner fan Fryslân in echte Friezin. Se is yn Fryslân kaam troch har Fryske man Sjouke. Yntusken hawwe se tegearre in soan, Mika. Foar Palmes wie it dêrom net mear as logysk dat har ferbyntenis yn it Frysk ôflein wurde soe.