Bestjoerder beknypt yn auto yn Houtigehage

In bestjoerder is moandeitejûn yn Houtigehage by in iensidich ûngelok beknypt rekke yn syn auto. De bestjoerder botste tsjin in beam oan de Dominee Visscherwei mei syn bestelbuske. De brânwacht hat de bestjoerder út de auto weihelle mei spesjaal knip-ark. Der is ek in traumahelikopter op it plak kaam om de helptsjinsten te stypjen.
© De Vries Media
De ferwûne persoan is nei it sikehûs ferfierd. Hoe't it mei de ynsittende is, is net bekend.