Hearrenfeanspits Jens Odgaard: "Je hebt altijd een bloedsmaak in je mond"

16 des 2019 - 21:42

Hearrenfean-trainer Johnny Jansen sil gjin spilers sparje foar de bekerwedstriid tsjin Roda JC. Jansen fynt dat Hearrenfean yn de beker net ynienen oare spilers opstelle moat. "De beste elf moeten gewoon spelen. Klaar." Hearrenfean spilet tiisdei yn de twadde ronde fan it bekertoernoai thús tsjin Roda JC.

Hearrenfean-trainer Johnny Jansen oer de lêste wedstriid, de opstelling en oer it bekertoernoai.

"Ik kan wel denken: laat ik nu de tweede keeper eens minuten gunnen. Maar wat gaan de andere bankspelers dan zeggen? Waarom hij wel en ik niet?" Jansen is dúdlik, de beste alve spylje en dus feroaret der neat neffens de lêste wedstriid tsjin Willem II."

Hearrenfean ferlear dy wedstriid mei 1-2, mar hie folle mear fertsjinne. "We balen daar echt van. Maar ik heb na de wedstrijd wel gezegd: hebben we ooit in een wedstrijd dit seizoen zo gedomineerd? Zoals in de tweede helft? Ik denk het niet." It ôfmeitsjen fan de kânsen en it kreëarjen fan kânsen koe lykwols better. "Dat is ook zo. Daar zijn we ook heel erg mee bezig. Onze middenvelders moeten meer in de zestien komen bijvoorbeeld."

Roda JC

Hearrenfean treft tiisdei Roda JC. Op it stuit de nûmer 15 fan de Keuken Kampioen Divisie. "Een leuk voetballende ploeg. Ze willen graag voetballen, dus dat is mooi. Met Alberg misschien als hun beste speler. Maar goed, we moeten deze wedstrijd uiteraard gewoon winnen."

Hearrenfean hat in ferline mei Roda JC. Yn de beker ferlear Hearrenfean de finale yn De Kuip fan de Limburgers. Johnny Jansen siet doe by de seleksje. "Maar ik viel af. Ik moest plaatsnemen op de tribune." Hearrenfean ferlear de finale mei 4-2. "Hadden ze mij maar op moeten stellen. Nee, dat was geen goede finale. Maar het gaf ook toen wel aan hoe mooi de beker kan zijn. Ik heb dat nog niet gebruikt, maar ik ga dat die jongens wel uitleggen."

Jens Odgaard

Jens Odgaard is net op 'e hichte fan it suksesfolle bekerferline fan Hearrenfean. "Hebben ze de beker gewonnen? Nee, dat wist ik niet." De Hearrenfeanspits is mear dwaande mei it no. "Maar de beker is wel belangrijk voor ons." Odgaard is no in heal seizoen by Hearrenfean en is bot tefreden. "Het gaat nog steeds beter en beter. Het niveau stijgt nog steeds. Als team worden we beter, maar persoonlijk ontwikkel ik me ook."

De Deenske spits (20) skoarde sân kear yn 16 wedstriden en joech ien assist. "Als je meer scoort, neemt het vertrouwen ook toe." Odgaard hie miskien noch wol mear skoare kinnen as hy mear ballen krije soe. Foaral fan de linkerkant, fan Chidera Ejuke, krijt hy net in soad ballen. "Dat is wel eens frustrerend. Je hebt als spits altijd een bloedsmaak in je mond om te scoren. Ik zou wel wat meer ballen kunnen hebben, maar het is niets persoonlijk."

Hearrenfean-spits Jens Odgaard oer syn ûntwikkeling, dy fan it team, de gearwurking mei Ejuke en de beker.

De wedstriid Hearrenfean-Roda JC set tiisdei om 19.45 oere útein. Ferslachjouwer Roelof de Vries leveret it live kommentaar by de wedstriid.

(advertinsje)
(advertinsje)