Mooglik hegere lêsten foar eigeners steancaravans op It Amelân

16 des 2019 - 20:05

De takomst fan de steancaravans op It Amelân stiet faai. De gemeente beslút moandeitejûn oft de eigeners fan 2020 ôf ek ôffalstoffeheffing en rioelheffing betelje moatte. Hjirtroch kinne de fêste lêsten hast ferdûbelje en is it ûnwis oft de eigeners fan de steancaravans dan op it eilân bliuwe wolle.

Foto: Foppe Offeringa, Camping Roosdunen

Yn 2018 is ûndersyk dien nei de belesting dy't de eigeners fan steancaravans op It Amelân betelje. It giet hjir om sa'n 1.300 caravans. Ut it ûndersyk kaam dat eigeners net allinnich forinzebelesting betelje moatte, mar ek ôffalstoffeheffting en rioelheffing. Op dit stuit wurdt op it eilân ûnderskied makke tusken toeristewenningen en steancaravans, mar neffens it ûndersyk kin dat net.

Dit plan hat in soad diskusje opsmiten. Hûnderten eigeners hawwe in reaksje jûn en fiif rekreaasjeparken hawwe in brief stjoerd oan de ried om te protestearjen tsjin dizze oankundiging. Neffens harren is in steancaravan wat hiel oars as in fakânsjehûs fan stien en semint om't je yn de measte karavans net it hiele jier wenje kinne.

Yn it foarstel dat jûn bepraat wurdt stean ferskate tariven, mar it kolleezje jout de foarkar oan de ûndersteande:

Belesting steancaravans foar 2019 en it foarstel foar 2020

2019 Foarstel 2020
Forinzebelesting 306,75 226,68
Offalstoffebelesting / 160
Rioelheffing / 50
Totaal 306,75 436,68
Foppe Offeringa, Camping Roosdunen - Foto: Omrop Fryslân

Gefolgen binne slimmer

Neffens dit plan soene de eigeners 42 persint mear betelje moatte yn ferliking mei ôfrûne jier. Dat is yn de praktyk rûchwei 130 euro it jier mear. Foppe Offeringa fan Camping Roosdunen is ien fan de fiif rekreaasjepark-eigeners dy't in brief stjoerd hat oan de ried om te protestearjen tsjin dit nije plan. Der binne soargen oer de gefolgen.

"Deze eerste lastenverzwaring is heel vervelend, maar niet de grootste. De gevolgen zijn veel erger. De benadering van de gemeente voor een steancaravan is alsof het een recreatiebungalow is en daar schuilen veel meer verborgen kosten aan," seit Offeringa. It soe neffens him der samar op delkomme kinne dat der ek notariskosten oan ferbûn binne om 'e wille fan fan saaklike opstalrjochten, dat WOZ-wearden meinommen wurde sille by belestingoanjeftes en dat ferhier opjaan wurde moat.

De fiif rekreaasjeparken fine dat it net yn ferhâlding is dat eigeners fan in steancaravan fan bygelyks 20.000 euro itselde betelje moatte as eigeners fan in rekreaasjebungalow fan 3,5 ton. Dat is neffens harren 'rechtsongeldig' ek al beropt de gemeente har op dat se de wet folgje. "Dat is pertinent niet zo, het is een interpretatie van de wet. Er is geen rechter die hier nog een uitspraak over gedaan heeft dat het zo moet, en dat er geen enkele mogelijkheid is om steancaravans hiervan uit te sluiten. Dat is helemaal niet onderzocht. Dat is ook onze grote onvrede. Ga eerst beleid maken," seit Offeringa.

Foppe Offeringa fan Camping Roosdunen oer de situaasje

Trefwurden: 
It Amelân steancaravans
(advertinsje)
(advertinsje)