By dizze Fryske distribúsjesintra fiere de boeren woansdei aksje

De boere-aksjegroep Farmers Defence Force sil woansdei aksjefiere by 40 distribúsjesintra yn hiel Nederlân. Yn Fryslân giet it om trije plakken: Drachten, Snits en It Hearrenfean. Dat docht bliken út in brief dy't de organisaasje stjoerd hat nei de gemeentes dêr't de distribúsjesintra fêstige binne, sa skriuwt de NOS.
Distribúsjesintrum fan Lidl op It Hearrenfean © Google Street View
De distribúsjesintra yn Fryslân dêr't aksjefierd wurde sil, binne by de Lidl op It Hearrenfean, by de Aldi yn Drachten en de Poiesz yn Snits. Neffens de NOS binne de gemeenten ynljochte om't de demonstraasjes foarôfgeand melden wurde moatte. De aksjegroep ferwachtet by elts distribúsjesintra sa'n 200 oant 1.500 demonstranten, sa skriuwt de groep yn de brief oan de gemeentes.