Arno Brok: "Frysk heart by datjinge dat bern meikrije moatte"

16 des 2019 - 19:14

Kommissaris fan de Kening Arno Brok hat grutte soargen oer it Frysk yn it ûnderwiis. Ut in rapport fan de Underwiisynspeksje die bliken dat twa tredde fan de skoallen yn ús provinsje mei it fak Frysk ûnder de maat skoart. Brok fynt it skande dat mear as de helte - 60 persint - fan de leararen yn it fuortset ûnderwiis gjin foech foar it fak Frysk hat. Frysk heart by datjinge dat bern meikrije moatte, lykas kennis fan klimaat en natuer, sa seit hy yn It Polytburo.

Njonken it ûnderwiis fan it Frysk kamen mear ûnderwerpen oan bar yn It Polytburo. De finansjele soargen by de Fryske gemeenten liede der ta dat de kultuerpotten leechhelle wurde. It hat der ta laat dat yn 11 fan de 18 gemeenten yn ús provinsje de útjeften oan kultuer ûnder it lanlik trochsneed lizze. Brok wiist yn It Polytburo op it belang fan kultuer, ek foar de ekonomyske ûntwikkeling fan Fryslân.

(advertinsje)
(advertinsje)