Ynkomsten lânbousektor efterút mei hast 1,3 persint

16 des 2019 - 19:08

De lânbou-ynkomsten it jier sakje mei hast 1,3 persint, docht bliken út in earste skatting fan de lânbou-ynkomsten fan it CBS en Wageningen Economic Research. Benammen it trochsneed ynkommen fan melkfeehâlders sakket fierder.

Foto: Omrop Fryslân

It trochsneed ynkommen fan melkfeehâlders yn 2019 is sa'n 31.000 euro en dat is 6.500 euro minder dan yn 2018. Tusken 2014 en 2018 wie it trochsneed ynkommen om 37.000 euro hinne. De delgong fan de ynkommens wurdt benammen feroarsake troch hegere kosten fan foer, gebouwen en masines.

De suvelopbringsten geane in bytsje omheech troch in hegere molkproduksje de ko, mar de molkepriis leit ien persint leger as ôfrûne jier. Troch hegere prizen foar foer, legere feeprizen en in legere suvelopbringst sakket it ynkommen fan biologyske melkfeebedriuwen mei 8.500 euro nei gemiddeld 28.000.

Bargepriis heger

Mei de bargeboeren giet it ekonomysk goed dit jier. De priis fan bargen is flink omheech gien. Bargen binne dit jier 26 persint djoerder as yn 2018. Dit komt mei om't Sina lêst hie fan bargepest, wêrtroch't de fraach nei bargefleis út Nederlân tanaam en de priis omheech gie. De de dierlike produksje naam krekt wat ôf.

Ynkommens lânbou omleech, túnbou omheech

De lânbouwers hawwe dit jier in trochsneed ynkommen fan 37.000 euro en dat is de helte fan it ynkommen fan 2018. Der binne dit jier mear ierpels roaid en it rispen fan sipels en nôt leit fier boppe it nivo fan 2018. Foar de setmoalbedriuwen wurdt wol in delgong fan de ynkommens ynskat. De produksje fan de setmoalierpels nimt ta, mar it setmoalgehalte bliuwt efter troch de drûchte. It ynkommen sakket hjirtroch nei 13.000 euro wêrtroch't se it minst fan alle boeren fertsjinje.

Yn de túnbou giet de produksje omheech. De glêstúnbedriuwen hawwe in trochsneed ynkommen fan 200.000 euro, mar binnen de sektor is wol in grutte sprieding te sjen. De glêsgriente- en blommebedriuwen hawwe in heger ynkommen troch hegere opbringsten. De tomaten en paprika's waarden in stik djoerder, mar de appels en parren flink goedkeaper. De produksjewearde fan blommen en planten leit in bytsje ûnder it nivo fan it jier dêrfoar.

Ek al wiene de rispingen yn 2019 better as ôfrûne jier, se lizze noch wol ûnder it nivo fan 2017. Dit komt troch in hegere produksje nei it minne lânboujier fan 2018 troch ekstreme drûchte en hege temperatueren. De ôfsetpriizen fan de lânbouprodukten binne wat omheech gien. De kosten foar enerzjy en sied- en setguod is leger as ôfrûne jier.

(advertinsje)
(advertinsje)